Aan Tafel in Lewinski: De Moanne Live mei Tryater

Mei Kees Roorda, Stella van Gent en Arjan Hut

Argyf
Yn oanrin nei De wierheid fan Wylgeragea op 23 en 24 novimber yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek snijt Tryater op moandei 14 novimber tegearre mei De Moanne it tema fan de foarstelling alfêst oan by Aan Tafel! by kulinêr poadium Lewinski yn Snits. Hoe dreech is it om de nuânse te bewarjen yn in tiid wêryn’t ûnbehagen en ûnwissichheid tanimme?

·         18:00-19:00 oere: Aan tafel! Op tafel lizze petearkaartsjes.

·         19:00 oere: Stella van Gent, wethâlder yn Súdwest Fryslân, ynterviewt Kees Roorda, skriuwer fan De wierheid fan Wylgeragea.

·         19:45 oere: dichter Arjan Hut.

Mei-ite kostet €10,- reserveare kin fia de FB-side fan Lewinski.
Letter oanskowe mei fansels ek.

Tryater jout romte om oars te tinken. It teaterselskip fynt fragen nijsgjirriger as antwurden. Wy binne altyd op ûndersyk út en prate graach mei it publyk. Ek by De wierheid fan Wylgeragea. Dêrom organisearje we keukentafelpetearen, ynspiraasjejûnen, workshops en oare projekten.

De Moanne wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. De Moanne lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. De Moanne ferskynt op it web, op papier en organisearret ‘live’-moetingen.