Prolooch Doarp Europa yn de húskeamer

Hoe wennet Fryslân?

Argyf
Hoe wennet Fryslân? Tryater spilet Doarp Europa ek yn húskeamers. Mei in lytse cast. As in prolooch op de foarstelling dy’t op de bedriuwelokaasjes spile wurdt. 

Op sa’n 50 plakken spylje we in yntime foarstelling yn in húskeamersetting. De kapasiteit is mar lyts, oanmelde is needsaaklik. Kaarten wurde net oan de doar ferkocht mar binne foar € 7,50 it stik te bestellen fia dizze webside.

Trije spilers – in Fries, ien earne oars út Europa wei en in muzikant –spylje in koarte foarstelling oer de tematyk dy’t yn de foarstelling Doarp Europa ek oansnijd wurdt. Tagonklik, mei muzyk. Yn de yntime setting, dy’t we mei syn allen ha yn de húskeamer, prate we nei oer ússels. Oer wa’t we binne, hoe’t in oar dêr tsjinoan sjocht en hoe’t wy tsjin oaren oansjogge.

Wolkom yn it Doarp. Doarp dêr’tst wennest, dêr’tst wurkest, dêr’t dyn famylje is of dêr’tst wolris mei fakânsje giest.
Wolkom yn Europa. Europa dêr’tst wennest, dêr’tst wurkest, dêr’t dyn famylje is of dêr’tst wolris mei fakânsje giest.
Doarp Europa, op plakken dêr’t wenne en wurke wurdt en dêr’t de takomst op de wrâld komt.

It is net needsaaklik om de prolooch by te wenjen, om de foarstelling op ien fan de bedriuwelokaasjes te besjen. Beide foarstellingen kinne los fan elkoar besocht wurde. Mar it moaiste is fansels wol om beide mei te meitsjen!

De húskeamerfoarstellingen fan Doarp Europa binne mei mooglik makke troch it BankGiro Loterij Fonds.

Spyllist prologen yn ‘e húskeamer én foarstellingen op bedriuwelokaasjes

 

Kredits

Beppe Costa, Eva Meijering, Romke Gabe Draaijer | Sjoerd Blom, Aly Bruinsma, Sonia Zwolska | Marjolein Ley, Klaus Jürgens, Brecht Wassenaar |

Oare foarstellingen

Dorp Europa